It Mozilla-manifest

It Mozilla Manifesto, skreaun yn 2007, sketst ús kearnprinsipen. De belofte foar in sûn ynternet waard skreaun as in tafoeging oan it Manifesto yn 2017 om ús djippe ynset te reflektearjen om te soargjen dat it ynternet foldocht oan de behoeften fan minsken en de minskheid as gehiel. Tegearre begeliede dizze twa dokuminten al it wurk yn Mozilla – wat wy bouwe, wat wy finansiere en hoe’t wy as mienskip gearwurkje.

Yntroduksje

It ynternet wurdt hieltyd mear in wichtich part fan ús libben.

It Mozilla-projekt is in wrâldwide mienskip fan minsken dy’t leauwe dat iepenheid, ynnovaasje en gelegenheid de kaai binne foar de bliuwende sûnens fan it ynternet. Wy hawwe gearwurke sûnt 1998 om der wis fan te wêzen dat it ynternet ûntwikkele is op in manier dy’t foar elkenien syn foardiel opleveret. Wy binne it meast bekend fan it meitsjen fan de browser Mozilla Firefox.

It Mozilla-projekt brûkt in op in mienskip basearre wurkwize om iepen-boarne software fan wrâldklasse te meitsjen en nije typen fan gearwurkingsaktiviteiten te ûntwikkeljen. Wy kreëarje mienskippen fan minsken dy’t belutsen binne om it belibjen fan it ynternet foar elkenien te ferbetterjen.

As resultaat fan dy ynspanningen hawwe wy in tal prinsipen distillearre dêr’t wy fan tinke dat se fan belang binne foar it ynternet om trochgeand te profitearjen fan it publike guod en ek de kommersjele aspekten fan it libben. Wy lizze de prinsipen hjirûnder út.

De doelen fan it manifest binne:

  1. in fyzje út te sprekken foar it ynternet dat Mozilla-dielnimmers wolle dat Mozilla Foundation neistribbet;
  2. minsken oansprekke, oft se no al of net in technyske eftergrûn hawwe;
  3. Mozilla-meiwurkers grutsk meitsje op wat wy dogge en ús motivearje om troch te gean; en
  4. in ramtwurk meitsje foar oare minsken om dy fyzje op it ynternet te fersprieden.

Dizze prinsipen sille net fansels ta libben komme. Der binne minsken nedich om it ynternet iepen en meiwurkjend te meitsjen - minsken dy’t yndividueel operearje, gearwurkje yn groepen en oaren begeliede. De Mozilla Foundation is der op begien om de prinsipen út it Mozilla-manifest út te dragen. Wy nûgje oaren út om mei te dwaan en it ynternet foar elkenien in better plak te meitsjen.

Prinsipen

  1. It ynternet is in yntegraal part fan it moderne libben – in kaaikomponint yn oplieding, kommunikaasje, gearwurking, hannel, ferdivedaasje en de mienskip as gehiel.
  2. It ynternet is in wrâldwide publike helpboarne dy´t iepen en tagonklik bliuwe moat.
  3. It ynternet moat it libben fan yndividuele persoanen ferrykje.
  4. De feilichheid en privacy fan elkenien op it ynternet binne fûneminteel en moat net as opsjoneel beskôge wurde.
  5. Persoanen moatte de mooglikheid hawwe om it ynternet en harren eigen ûnderfiningen dêrmei foarm te jaan.
  6. De útwurking fan it ynternet as in publike helpboarne is ôfhinklik fan ynteroperabiliteit (protokollen, dataformaten, ynhâld), ynnovaasje en desintralisearre wrâldwide gearwurking.
  7. Frije en iepenboarnesoftware befoarderet de ûntwikkeling fan it ynternet as in publike helpboarne.
  8. Transparante mienskipsprosessen befoarderje gearwurking, ferantwurdlikheid, en fertrouwen.
  9. Kommersjele bemuoienis yn de ûntwikkeling fan it ynternet bringt in protte foardielen; in balâns tusken kommersjele winst en algemien belang is essinsjeel.
  10. Klam jaan oan it algemien belang fan aspekten fan it ynternet, is in wichtich doel; de tiid, oandacht en tawijing wurdich.

Pleit foar in sûn ynternet

It iepen, wrâldwide ynternet is de meast krêftige boarne foar kommunikaasje en gearwurking dy’t wy ea sjoen hawwe. It belichemt guon fan ús djipste ferwachtingen foar minsklike foarútgong. It biedt nije mooglikheden foar learen, it meitsjen fan in gefoel fan dielde humaniteit, en it oplossen fan de aktuele problemen dy’t minsken oeral tsjinkomme.

In de lêste tsien jier wurde dizze belofte op ferskate manieren ferfolle. De macht fan it ynternet fersterket lykwols ek twaspjalt, liedt ta geweld, set oan ta haat en manipulearret mei opsetsin feiten en de werklikheid. Wy hawwe leart, dat wy ús doel foar it minsklike wêzen op it ynternet dúdliker gearstalle moatte. Dit dogge wy no.

Us beloften

  1. Wy stean foar in ynternet, foar alle minsken op de wrâld – wêrby de demografyske kenmerken fan in minske, gjin ynfloed hawwe op harren ynternettagong, kânsen of op de kwaliteit fan de ûnderfining.
  2. Wy stean foar in ynternet dat de iepen dialooch, minskweardichheid en frijheid fan mieningsutering befoarderet.
  3. Wy stean foar in ynternet dat kritysk tinken, saaklike diskusje, dielde kennis en ferifiearbere feiten fergrut.
  4. Wy stean foar in ynternet dat gearwurking mei ferskate mienskippen foar it algemiene goed befoarderet.

Mozilla’s belofte

Yn it hiele Mozilla-projekt en elke organisaasje yn de Mozilla-famylje, sizze wy ta it Mozilla Manifesto te stypjen yn syn aktiviteiten. Spesifyk sille wy:

  • iepenboarnetechnology meitsje en mienskippen ynskeakelje dy’t de prinsipen fan it manifest stypje;
  • prachtige konsuminteprodukten meitsje en oanbiede dy’t de prinsipen fan it manifest stypje;
  • de middelen fan Mozilla (yntellektueel eigendom lykas kopyrjochten en hannelsmerken, ynfrastruktuer, fûnsen, en reputaasje) brûke om it ynternet in iepen platfoarm te hâlden);
  • modellen befoarderje foar it meitsjen fan ekonomyske wearde foar publyk foardiel; en
  • de prinsipen fan it Mozilla-manifest befoarderje yn publike petearen en yn de ynternetyndustry.

Wy hawwe jo nedich om it Manifesto te befoarderjen

In ynternet mei dizze kwaliteiten ûntstiet net samar. Minsken en organisaasjes moatte dizze aspiraasjes, sawol yn ynternettechnology as ek yn it yndividuele ûnderfinen, yn it ynternet yntegrearje. Mozilla’s Manifesto en it addendum stiet foar Mozilla’s ynset foar dizze doelen. Wy wolle gearwurkje mei minsken en organisaasjes fan oer de hiele wrâld dy’t dizze doelen diele, om it ynternet in better plak foar elkenien te meitsjen.

As jo dit doel diele, lit ús dan witte hoe’t wy helpe kinne.

En fansels, meitsje wy Firefox en Thunderbird. Dit alles is bedoeld om minsken te helpen fan it ynternet in sûn plak te meitsjen.